Eaststellingwerf liftet mei

06 feb 2007 - 14:44

Ut sifers fan it Centrum voor Werk en Inkomen, it CWI, docht bliken dat it wurkleazenspersintaazje yn de gemeente Eaststellingwerf foar it earst sûnt jierren ûnder de tsien persint terjochte kaam is. Oan it begjin fan 2006 wie de wurkleazens 11,1%, mar oan de ein fan 2006 wie it 9%. It giet dan om 1032 minsken fan de 11.500.

De ekonomyske oplibbing yn Nederlân is ien fan de oarsaken foar delgong fan de wurkleazens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)