Wetterskip: wat swimt dêr?

Yn opdracht fan Wetterskip_Fryslân en Hengelsportfederatie_Friesland wurdt ûndersyk dien nei de fiskstân yn it Keningsdjip by Beetstersweach. Dat wetter wurdt yn de takomst op 'e nij oanlein. Mooglik wurde der nije fisksoarten útset. Dêrom wolle se witte wat der no swimt.
Der wurdt elektrysk fiske, wat foar dit gefal tastien is. It ûndersyk wurdt dien troch meiwurkers fan Sportvisserij_Nederland.