Suderseespoar yn regearakkoart

De ôfspraken oer it Suderseespoar bliuwe yn it nije regearakkoart oerein. Dy lûden komme út Den_Haach wei. CDA, PvdA en ChristenUnie bliuwe foar in rappe spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden.
Yn it konsept-regearakkoart stiet dat it Noarden rekkenje kin op ekonomyske stipe. Dêrmei brekke CDA, PvdA en ChristenUnie mei it belied oant no ta. Dat stie foar allinnich ynvestearje yn kânsrike gebieten.