Undersyk oft gefaar bekend is

06 feb 2007 - 10:54

Alle Fryske gemeenten wolle meiïnoar útfine oft Friezen wol witte watfoar gefaren as der by har yn de buert binne, bygelyks fan gemyske bedriuwen. Ek wolle de gemeenten witte hoe't se de boargers dêr it bêste oer ynformearje kinne.

Om soks út te finen wurdt der meikoarten in ûndersyk hâlden yn Skarsterlân en It_Hearrenfean. Omwenners fan bedriuwslokaasje Haskerveen wurde dan ûnderfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)