Faaks wer otters nei Fryslân

06 feb 2007 - 10:49

De kâns dat wer nije otters nei Fryslân ta komme, nimt ta. Der wurdt oer ûnderhannele mei de Tsjechyske autoriteiten. Dêr binne genôch otters. Ek mei oare lannen wurdt praat.

As der fiif of seis nije otters by komme, gean der ek wer otters nei Fryslân. As earste giet it dan om de Rottige_Meenthe by Wolvegea. As it om noch folle mear nije otters giet, komme ek De_Deelen en de Alde_Feanen yn byld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)