Aksje tsjin sloop sporthal

de sporthal is 25 jier lyn troch de Holwerters boud
Sportferienings yn Holwert besykje fia de polityk yn Dongeradiel de sloop fan de sporthal yn har doarp te kearen. De ferienings sille, krekt as doarpsbelang, kommende tongersdei by in kommisjegearkomste de riedsleden freegje net yn te stimmen mei de ôfbraakplannen.
De sloop wurdt foarsteld troch boargemaster en wethâlders omdat der tefolle gemeentlik jild by moat om de sporthal rendabel te hâlden.