CHN moat 11.000 euro betelje

06 feb 2007 - 09:53

Studinte frijetiidskunde Rommie_Kuiphof hat nei trije jier juridyske striid har saak tsjin hegeskoalle CHN wûn. Kuiphof rûn in pear jier ferlyn staazje by útstjoerburo Start. Nei't se in kritysk staazjeferslach ynlevere hie, wegere it útstjoerburo har in beoardieling te jaan. Fan skoalle krige Kuiphof dêrnei in ûnfoldwaande.

Nei ferskate prosedueres moat de CHN Kuiphof 11.000 skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)