FNP: Gasopbringst nei Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân moat folle mear profitearje fan it gas dat hjir út de grûn helle wurdt. Dat fynt de FNP. No komt ien persint fan de gasopbringst nei it Noarden werom. Dat fynt de FNP fierstente min. Moandei sette de partij út ein mei de ferkiezingskampanje. Dat barde troch it ûntbleatsjen fan in boerd mei dêrop 'Us gas, ús jild'. Yn it nije regearakkoart liket lykwols te stean dat der foarearst neat feroaret,