Auto's fernield yn Wommels

04 feb 2007 - 15:37

Oan de Bosk yn Wommels binne sneintemoarn 5 auto's fernield troch in 16-jierrige ynwenner fan de gemeente Wymbritseradiel. In ynwenner fan Wommels seach dat de jonge de auto's fernielde.

Dizze hold him oan en belle de plysje. De 16-jierrige jonge wie ûnder ynfloed fan drank. Minsken fan wa't de auto stikken is, kinne har melde by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)