Man (21) smyt eigen rút yn

04 feb 2007 - 15:36
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige ynwenner fan Feanwâlden is sneintemoarn oanhâlden omdat de man in rút fan syn eigen sliepkeamer stikken smiten hie.

Tsjûgen ferklearren oan de plysje dat de man ek noch oare ruten fan it appartemintekompleks stikken makke hie. De fertochte rûn dêrby in dikke jaap op oan de earm. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)