Maria Sterk wint op Weissensee

Maria Sterk (foto Martin de Jong)
Maria Sterk fan Hallum hat de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee wûn. Yn Eastenryk siet Sterk yn in kopgroep fan 5 froulju. Elma de Vries fan De Haule siet der ek by, mar sy moast ôfheakje om't se mislik waard.
Yn de lêste ronde gong Sterk der fantroch tegearre mei Lieke Splinter. Yn in spannende einsprint wie Sterk de bêste. Elma de Vries waard fyfde. By de manlju wûn Jens Zwitser. Ruud Borst fan Sint Nyk wie de bêste Fries.