Eneco oer op griene stroom?

Eneco yn Dokkum
Enezjybedriuw Eneco oerwaget om folslein oer te stappen op de ferkeap fan griene stroom. Hjirmei hopet it bedriuw, dat aktyf is yn Noardwest-Fryslân, yn te spyljen op de fúzje tusken NUON en Essent.
Foar de fúzje koe Eneco kwa priis noch wol mei de twa grutte enerzjybedriuwen konkureare. It fúzjebedriuw is no lykwols sa grut dat dat ûnmooglik is. Eneco foarsjocht wol grutte problemen troch de fúzje fan NUON en Essent.