Andriesen checkt regearakkoart

Listlûker Anita Andriesen fan PvdA Fryslân
Listlûker Anita_Andriesen fan de PvdA yn Fryslân sil it regearakkoart fan har partij mei it CDA en de CU op syn minst op trije punten kontrolearje. Dat makke se sneon yn Ljouwert bekend by in gearkomste oer duorsume enerzjy.
Andriesen fynt it in hurd punt dat de ferskillen tusken earm en ryk lytser wurde troch it nije regearingsbelied. Ek moat der stipe komme foar de regio en moatte der langrinnende projekten foar duorsumens yn it akkoart stean.