Undersyk Jouster sporthal

04 feb 2007 - 13:04

De gemeente Skarsterlân sil ûndersyk dwaan nei de takomst fan de Jouster sporthal De Stuit. Ferskate opsjes foar de hal sillle ûndersocht wurde.

Mooglik kin de besteande hal oanpast en útwreide wurde. Ek nijbou op de lokaasje fan it Jouster swimbad soe in opsje wêze kinne. De gemeente sil in eksterne adviseur oanstelle dy't de mooglikheden ûndersiket. Ein dit jier moatte de resultaten fan it ûndersyk bekend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)