Utlis belied gokferslaving

It Holland Casino yn Ljouwert
Holland_Casino sil ynkoarten de riedsleden fan de gemeente Ljouwert tekst en útlis jaan oer har belied oangeande gokferslaving.
Oanlieding dêrfoar is in útstjoering fan it aktualiteitenprogramma Zembla, ein jannewaris. Dêryn wurdt sein dat it kasino it net sa nau nimt mei it belied om gokferslaving ûnder klanten foar te kommen. Ek wurdt yn Zembla sein dat oerlizzen dy't it kasino hat mei Ferslavingssoarch neat foarstelle.