De Vries wint NK junioaren

04 feb 2007 - 00:08
Foto: Omrop Fryslân

Sjoerd_de_Vries fan Twellingea is Nederlânsk Kampioen reedriden by de junioaren wurden. Yn Utrecht wûn hy freed al de 500 en 3000 meter. Sneon wie hy de bêste op de 1500 meter en waard hy tredde op de 5000 meter.

Ingeborg_Kroon fan Snits waard tredde by de froulju. Marrit_Leenstra fan Wikel wûn de 3000 meter en waard yn it einklassemint fjirde. Kroon en De Vries gean no nei it WK yn Innsbruck. Leenstra giet mei as reserve.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)