Ophokplicht foar plomfee

03 feb 2007 - 16:56
Kontakt tusken hinnen en wylde fûgels is wer risikofol

Der jildt yn Nederlân sûnt sneontejûn seis oere in ophokplicht foar plomfee. Eigners en hâlders fan plomfee moatte har bisten ôfskermje fan wylde fûgels. Dat moat omdat sneon oan de Ingelse eastkust it fûgelgrypfirus oantroffen is. Op in kalkoenfokkerij binne al 2600 bisten deagien.

LTO advisearret plomfeehâlders om genôch fretten op foarried te hâlden foar de bisten. By fertochte gefallen moat de fee-arts belle wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)