Himpkwekerij Ljouwert oprôle

03 feb 2007 - 16:11

De plysje hat freed in himpkwekerij oprôle oan de Bernard Zweersstraat yn Ljouwert. Dêr stiene 250 planten yn in wenkeamer en in achterkeamer fan in wente.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in tal meldingen. Enerzjybedriuw Essent en ôffalferwurker Omrin hawwe holpen om de kwekerij op te romjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)