Groei Harnzer haven

03 feb 2007 - 14:20
De Harnzer haven buorket bêst

De Harnzer haven hat yn 2006 in flinke groei trochmakke. Foar it earst is der mear as trije miljoen ton oan goederen oerslein. Dat is 13 prosint mear as yn 2005. It súkses komt fral fan de kontenerlijntsjinsten en seeskippen.

Neffens direkteur Herrebrug docht de Harnzer haven it troch de oplibjende ekonomy. Der is mear sâlt oerslein, wylst de omset fan seesân en seegrind ek omheech gien is. Dat wurdt benammen brûkt foar de oanlis fan diken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)