Mear leden Partij v.d. Dieren

© Omrop Fryslân
De Partij_voor_de_Dieren sit yn de lift yn Fryslân. Goed in jier lyn hie de partij hjir noch mar 60 leden en yntusken binne dat der hast 180. Dermei bliuwt de Fryske tak fan de partij wol efter by de rest fan it lân. Yn totaal binne der 6.000 leden.
De Partij_voor_de_Dieren docht ek mei oan de steateferkiezings fan begjin maart en set dan yn op twa sitten. Spearpunten binne dan de jacht en de biologyske lânbou.