Cookie hoecht dochs net dea

02 feb 2007 - 18:10

It hûntsje Cookie hoecht dochs net dea. Dat hat boargemaster Wallage fan Grins freed bekendmakke. Neffens de boargemaster stiet net fêst dat Cookie in pitbull is. Dat die bliken út de twadde skou troch saakkundigen.

Cookie, in hûn fan Friezinne Gerrie Mellema, waard in pear wike lyn yn beslach nommen. Der waard oanslutend foar it Grinzer plysjeburo aksjefierd tsjin it plan om de hûn dea te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)