Kosmetikadieven oppakt

© Omrop Fryslân
Op in parkearterrein oan de Westerdyk yn Ryptsjerk binne fjouwer minsken oanhâlden foar winkelstellerij. It giet om twa froulju fan 30 en 34 jier út Dronten, frou (33) út Burgum en in 33-jierrige man út Amsterdam. Yn harren auto waard kosmetika fûn.
De plysje kaam yn aksje nei in melding út in winkel út Twizelerheide. De meiwurker joech in goede omskriuwing fan fertochten en auto. Oan 'e hân dêrfan koe it fjouwertal oppakt wurde.