Popbunker yn brêgekelder

02 feb 2007 - 14:49

De masinekeamer fan 'e Geeuwbrêge yn Snits wurdt in popkelder. De gemeente fynt dat plak dêr tige geskikt foar.

De Geeuwbrêge wurdt takom jier ûntmantele fanwege it nije akwadukt. De âlde popbunker oan de Lemsterwei wurdt sloopt. De brêgekelder is in ideale oefenlokaasje foar bands. Soks besparret de gemeente in soad jild, seit wethâlder Metz.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)