Lytse brân by Huhtamaki

© Omrop Fryslân
By papierfabryk Huhtamaki yn Frjentsjer wie freed in lytse brân. Dy bruts út yn ien fan 'e masines dy't aaidoazen makket. De brânwacht waard út foarsoarch ynskeakele, mar hoechde net yn aksje te kommen.
De masines binne nei de brân skjinmakke en kinne middeis wer ynset wurde. De brân hat gjin gefolgen foar it kontinuïteit fan it produksjeproses, sa lit in wurdfierder fan it bedriuw witte.