Sâltwetterpunt Bijman falt min

02 feb 2007 - 13:37
Satellytfoto fan it Lauwermargebiet

It CDA Fryslân is der net wiis mei dat de eigen deputearre Bijman sâlt wetter talitte wol yn 'e Lauwersmar. Bijman fynt dat ebbe en floed dêr frij spul hawwe moatte. Hy wykt dêrmei ôf fan it partijstânpunt. It wikseljend tij wer ynfiere yn 'e Lauwersmar kostet 200 miljoen euro. CDA-listlûker Galema fynt dat it Ryk dy kosten mar betelje moat. Ek CDA'er Ploeg en VVD-deputearre Baas binne tsjin as it Ryk betellet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)