Pakt mei harddrugs yn Heech

02 feb 2007 - 11:14

Yn Heech is tongersdeitenacht in automobilist út Arnhem oanhâlden om't er harddrugs by him hie. De 23-jierrige man ried mei in stikken achterljocht. Dat wie foar de plysje reden om de man oan te sprekken.

Ien fan 'e plysje's seach yn 'e auto in pûdsje mei wyt poeier lizzen. By in ynspeksje die bliken dat der folle mear sokke pûdsjes leine. De Arnhemmer is oanhâlden en sit noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)