Frachtwein rekket spoarbrêge

© Omrop Fryslân
Tusken Ljouwert en Dronryp en Ljouwert en Mantgum hat freedtemoarn in skoft in steuring west yn it treinferkear. Dat kaam omdat in frachtauto tsjin in spoarbrêge krekt bûten Ljouwert oanriden wie.
It treinferkear is dêrnei in skoftke stillein. Meiwurkers fan Prorail hawwe it spoarfiadukt neisjoen. Bliken die dat de skea net grut wie. Om healwei alven koene de treinen der wer del.