Krityk Andriesen op Middel

PvdA-listlûker Anita_Andriesen is it net iens mei de útspraak fan de boargemaster Middel fan Smellingerlân oer it opheffen fan Fryslân en it opgean yn ien noardlike provinsje.
Neffens Andriesen fielt Middel net goed oan hoe't de ferhâldings binne yn Fryslân en wat de minsken wolle. De Friezen wolle harren eigen provinsje hâlde, omdat de minsken noch wat mei elkoar hawwe en mei de provinsje Fryslân, sa seit Andriesen.