Tal swakke skoallen wer tanaam
It tal tige swakke skoallen yn Fryslân is yn in koarte tiid wer tanaam. Yn desimber wiene it santjin en op dit stuit leit it tal op 22.
Fryslân komt der lanlik sjoen min út. Sawat in fyfde fan alle hiel swakke skoallen yn Nederlân stean yn ús provinsje. Neffens de Underwiisynspeksje hat dat te krijen mei de mentaliteit op it Fryske plattelân.