Ljocht bliuwt oan yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Mar in bytsje Friezen hawwe tongersdei gehoar jûn oan de oprop fan in pear miljeuorganisaasjes en politike partijen om om 19.55 oere it ljocht efkes út te dwaan. Yn hast alle hûzen bleaun alles gewoan brânen.
De miljeuorganisaasjes woene mei de aksje omtinken freegje foar de feroaring fan it klimaat. Foarôf wie warskôge foar stroomsteuringen troch de aksje. Dy wiene der lykwols net.