Lykspul Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean helle tongersdeitejûn in teloarstellend lykspul tsjin Jong Sparta. Op sportpark Skoatterwâld bleau it 0-0. Beide ploegen krigen amper kânsen. De ploech fan trainer Henk Herder spile mei in tal A-junioaren. De banksitters fan it earste koene net meidwaan, omdat freed de wedstriid yn 'e earedivyzje tsjin Grins op it programma stiet.
It belofteteam fan SC Hearrenfean bliuwt wol koprinner.