Friezen langste fan de wrâld

Chris Wassenaar: lang en in súksesfol sportman
Friezen binne de langste minsken fan de wrâld. Dat hat bliken dien út ûndersyk. It ûndersyk gie oer Nederlân: Nederlanners binne langer as oare minsken yn de wrâld. En Friezen binne wer de langste minsken fan Nederlân.
In oarsaak is net samar oan te jaan. It soe lizze kinne oan dat wy sûn ite en in goeie sûnenssoarch hawwe.