'Twongen ûntslaggen mooglik'

01 feb 2007 - 16:14
Foto: Omrop Fryslân

Nuon en Essent kinne net garandeare de harren fúzje sûnder twongen ûntslaggen gean sil. Dat seit Essent-wurdfierder Maarten Thijs. Beide enerzjybedriuwen makken tongersdei offisjeel de plannen bekend.

Troch de fúzje komt it bedriuw op Europeeske skaal yn de top 10. Dat is nedich om yn de takomst bestean bliuwe te kinnen. Beide bedriuwen binne aktyf yn Fryslân, de fakbûnen binne benaud foar ûntslaggen yn it noarden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)