Ljouwert: mear jild út Brussel

01 feb 2007 - 13:37

Ljouwert sil him mear ynsette om subsydzjejild út Brussel te krijen. Der wurdt dêrom mear ynfestearre yn Europeeske netwurken, der wurdt mear gearwurke mei oare Europese stêden om projekten op te setten en de gemeente sil sels aktiver op syk nei mooglikheden om mei te dwaan oan Europese subsydzjeprogramma's.

Der lizze miljarden klear yn Brussel. It is saak dat Ljouwert dêr tûker op wurdt, seit wethâlder Krol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)