Noardelike provinsje ûnnedich

01 feb 2007 - 12:44

Fryslân moat nea opgean yn in noardlik lânsdiel. Dat fine de listlûkers Baas en Galema fan de VVD en it CDA. Se binne it net iens mei boargemaster Middel fan Smellingerlân dy't mei dat plan komt. As Fryslân, Grinslân en Drinte fuseare steane se folle sterker, tinkt hij.

Neffens Galema en Baas wurdt der no al goed genôch gearwurke, yn it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, it SNN. In fúzje is net nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)