Man twa kear oppakt

© Omrop Fryslân
In man út Emmeloord is woansdei op it Hearrenfean oant twa kear ta oppakt, wylst er gjin rydbewiis hie. De earste kear hâlde in motorplysje him yn syn auto oan. Op it buro die bliken dat de man ek noch kokaïne by him hie. Hy mocht mei in proses ferbaal wer fuort.
Noch gjin twa oeren letter seagen plysjes him wer riden. De man waard doe foar de twadde kear oppakt en krige opnij in proses ferbaal.