Fúzje Nuon en Essent

De enerzjybedriuwen Nuon en Essent binne it yn prinsipe iens oer in fúzje. Dat hat in wurdfierder sein. De oandielhâlders -de provinsjes en gemeenten- moatte it der noch wol mei iens wêze. De provinsje Fryslân hat 13 persint fan de oandielen.
Troch de fúzje ferdwine nei alle gedachten mear as 1500 banen. De fakbûnen binne benaud dat it foar om wurk yn it noarden giet. Nuon en Essent binne hjir beide aktyf.