Strjitrôven Hearrenfean oplost

01 feb 2007 - 10:36
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat twa strjitrôven op it Hearrenfean oplost. Fjouwer jonges (16, 17, 18 en 19) ha de oerfallen bekend. De fertochten oerfoelen twa manlju. De iene moast syn beurs ôfjaan, de oare waard in horloazje ôfstellen.

Twa fan de jonges binne al foarlaat oan de rjochter-kommissaris, de oare twa moatte tongersdei foarkomme. It jild dat de stellerij opbrocht, waard útjûn oan sigaretten en útgean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)