Drokte foar rêdingboaten

De rêdingboat yn aksje
De rêdingboat fan it Amelân hat ferline jier it measte fan alle eilannen pasjinten nei de wâl brocht. Dat hat de rêdingmaatskippij bekend makke. De boat fan it Amelân gie 111 kear mei in pasjint nei de fêste wâl. De boaten fan Skylge en Skiermûntseach diene dat elk 44 kear, Flylân 19 kear.
It Amelân is al jierren koprinner mei it sikeferfier mei de rêdingboat. De KNRM hie it ferline jier drokker as ea mei rêdingsaksjes op it wetter.