Vmbo'ers op staazje yn Namibië

© Omrop Fryslân
Tweintich vmbo-learlingen fan it Linde College yn Wolvegea sille 14 dagen foar in maatskiplike staazje nei it Afrikaanse lân Namibië. Se sille dêr leeftydsgenoaten kompjûterles jaan, se moatte mienskiplik in teaterproduksje meitsje en se krije opdrachten dy't se mei de Namibyske learlingen útfiere moatte. Yn it teoretyske vmbo is sa'n staazje frijwat bysûnder.
De skoalle krijt subsydzje, mar learlingen moatte sels ek jild garje.