Omrin nimt juridyske wei

31 jan 2007 - 20:39

It konflikt tusken de mienskiplike ôffalferwurker foar de Fryske gemeenten Omrin en de gemeente Smellingerlân eindigt sa goed as wis foar de rjochter.

Mei yngong fan augustus giet it ôffal fan Smellingerlân nei in goedkeapere ôffalferwurker. Neffens Omrin kin dat sa net, seker net op sa'n koarte termyn. Omrin easket no fia har jurist dat it beslút weromdraaid wurdt, mar dat docht Smellingerlân net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)