NAM hellet gas út Waadsee

It Waad by Moddergat noch yn 'e rêst
Kommende tiisdei hellet de NAM it earste gas út de Waadsee. Fanôf Moddergat wurdt it ûnder it Waad oppompe. Dan wurdt it gas yn Eanjum behannele en dêrnei ôflevere oan Gasdistributeur Gasterra.
Moddergat is de earste lokaasje dêr't de NAM boarje mei nei in jierrenlange politike en gerjochtlike diskusje. Oer in jier komme Vierhuizen en Lauwerseach derby. Foar de Raad van State rint noch in boajemprosjeduere.