Oanpak ferkearsknyppunten

© Omrop Fryslân
Njoggen gefaarlike ferkearssituaasjes yn Fryslân wurde mei help fan de provinsje oanpakt. By Aldeholtpae, Wjelsryp, Wiuwert, Bitgummole, Haulerwyk en Aldhoarne wurde knyppunten op 'e dyk feroare dy't troch omwenners hinderlik fûn wurde.
De provinsje lûkt 135.000 euro út foar de feroaringen. It giet om lytse yngrepen sa as it feroarjen fan strepen op 'e dyk en it pleatsen fan nije buorden.