Stipe foar Westergosône

© Omrop Fryslân
De Westergosône krijt 400.000 euro subsydzje fan de provinsje. Dêrmei wurdt de ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet tusken Ljouwert en Harns stipe.
De fjouwer gemeenten yn de Westergosône lizze nei alle gedachten ek noch 200.000 by. Sa wurdt der mear glêstúnbou ûntwikkele, it toerisme fersterke en wurdt it útdjipjen fan de fargeul De Boontjes by Harns stipe.