Buerthûs Ljouwert wer iepen

buerthûs Tjerk Hiddes giet tongersdei wer iepen
It Tjerk Hiddes buerthûs yn Ljouwert giet tongersdei wer iepen. It gemeentebestjoer hat it buerthûs ein desimber sletten omt der tefolle oerlêst wie. Der waarden Hollânske feesten organisearre dy't út de hân rûnen mei in soad leven foar de wyk en fjochtpartijen.
De gemeente hat no in behearder fûn. It buerthûs giet ynearsten allinne troch de wike iepen en allinne oerdeis. Der wurdt gjin drank skonken.