Gjin beslút museumhaven

© Omrop Fryslân
De ried fan it Amelân is noch net akkoart mei in bijdrage oan in museumhaven foar âlde rêdingboaten yn de Ballumerbocht. It projekt kostet 150.000 euro. De gemeente is om 20.000 euro frege.
De ried hat der noch gjin beslút oer naam, wylst de oanfraach al yn oktober bekend wie by boargemaster en wethâlders. Dy ha de gegevens pas koartlyn oan de riedsleden trochjûn. De ried beslút no takom moanne.