Nijbou rêding Bilgaardsintrum

30 jan 2007 - 17:54

Allinnich folsleine nijbou kin winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert rêde. Dat seit Theo Copini, foarsitter fan de winkeliersferiening en feriening fan eigners.

Mei de winkels dy't nei de brân ferline jier stean bleaun binne, rint it net goed. Dochs gean guon ûndernimmers net akkoart mei nijbou. Guon ûndernimmers dy't de winkel wer iepen hawwe en jild fertsjinje sjogge komplete herbou net sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)