Granaat is ferwaarmingselemint

© Omrop Fryslân
It granaatachtige foarwerp op it stoart fan Omrin yn Aldehaske is in ferwaarmingselemint. Dat die tiisdei bliken út ûndersyk. Ynearsten waard fan it slimste útgien en waard it terrein mei tritich man ûnromme.
De plysje belle mei de EOD en dy koe út 'e omskriuwing ôfliede dat it om in lege huls fan in gruttere granaatsoart gie. De huls wie troch in boubedriuw omboud ta ferwaarmingselemint. De evakuaasje hat in oere duorre.