Ten Rouwelaar komt net

30 jan 2007 - 15:32
Jelle ten Rouwelaar komt net fan Austria Wien nei Hearrenfean

It is sportklup Hearrenfean net slagge Jelle ten Rouwelaar fan Austria Wien te hieren. De Eastenrykse klup wol de Jouster keeper net kwyt.

Neidat Boy Waterman nei AZ ferhûze is, hat Hearrenfean ferlet fan in ekstra doelman. De Feansters hoopje in doelman mei ûnderfining te hieren foar de rest fan it seizoen en ferwachtsje hjoed in akkoard te slúten mei in oare keeper.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)