'Swier fjoerwurk net tastean'

© Omrop Fryslân
Fiif gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân hawwe in brief nei de Twadde Keamer stjoerd om't se it net iens binne mei de nije fjoerwurkregels. Den Haach stiet swierder fjoerwurk ta. Dantumadiel, Kollumerlân, Dongeradiel, Achtkarspelen en Amelân foarmje ien plysjedistrikt en kamen nei de jierwiksel foar de gefolgen te stean.
Der is in soad skea oanrjochte en der kamen meldings fan minsken dy't bang wiene.